FRIES FILM ARCHIEF IS EEN ACTIVITEIT VAN FILM IN FRIESLAND EN TRESOAR Home Fries Film Archief

 

Uw eigen blik 

 

Verhalen naar aanleiding van blik op souder

Stuur ook uw verhaal in

 1. De sosjale kant fan it slykwurk 1954 (Hindrik Hoekstra)

 2. De finish van de elfstedentocht 1963 (Gustaaf Witsen Elias)

De sosjale kant fan it slykwurk 1954  Hindrik Hoekstra (Marrum, april 2008)

Sa haw ik hjir besocht ek de sosjale kant fan it slykwurk yn de fyftiger jierren te beljochtsjen, want dêr wurdt faak net oer praat en de minsklike kant rekket sa yn it ferjitboekje. Mar ik wit der noch alles fan, want ik wie der sels by. Mooglik haw ik hjirmei in lytse bydrage levere oan “in blik op souder”.

 

 

 

  It sil wol yn de tweintiger jierren fan de foarige ieu west ha, dat der al minsken útstjoerd waarden nei it bûtendyk yn Noard-Fryslân om yn de kwelders te greppeljen. Dat waard doe gemeentlik regele en wurkferskaffing neamd. Letter waard it mear besjoen as in algemien belang fan de regio om fruchtber lân te winnen foar bou- en greidboeren. It joech tagelyk wurk oan in soad minsken, dy’t wurkleas wienen. Sa kamen de Heide Maatskippij en de Grond Maatskippij yn ’t sicht, dy’t dat wurk op har namen en útfiere lieten op deskundige wize út namme fan de Ryks Domeinen …

Hoenear dat wurk ûnder Wierum útein set is, ben ik net wis fan, mar yn de winter fan 1953 op 1954 kriich ik in oansizzing, om nei it slyk ta mei in protte oaren hjir út ‘e boudoarpen, mar ek út de Wâlden en oeral wei.

It tilde doe op fan los folk, dy’t simmerdeis by in boer wurken of yn de gersdroegerij te Marrum. Dy rûnen faak mar wat te flinterknippen of thús de frou lêstich te wêzen.

Dêr hiene se it folgjende op fûn: nei it slyk mei dy hannel! Dan waard der noch wat dien foar de kost en it folk wie fan ‘e dyk of. Wy waarden mei in bus út Ljouwert wei ophelle, dy’t fan Feinsum ôf oant Blije ta minsken opswile en nei Wierum brocht. Wa’t net woe, kriich ek gjin útkearing, sa waard ús ferteld.

De learzens hiene wy ta, mar wy moasten sels ark en iten meinimme.

No kaam ûnder Wierum de see alle dagen oan de seedyk ta winterdeis, sadat it greppeljen fuort achter de dyk begûn oant in moai ein de see yn. De earste hûndert meter út ‘e dyk wei sakke men rûchwei oan de knibbels ta yn it slyk wei.

Dêr hie froeger in haven west foar it skippersfolk. Fierder wie it better. Guon, dy’t dat oandoarsten, rûnen op ‘e rysdaam lâns, mar dat wie nuodlik wurk, want troch it deistich seewetter woeks der in laachje grien spul op, dat snotteglêd wie. Mar yn tiid fan need fynt men wat út. Sa brochten ek guon slydsjes mei. In tichte boaiem, de foarkant skean oprinnend en dêrboppe in ramtsje, dêrst de hannen op lizze koest. Ien knibbel op ‘e slide en mei de oare foet ôfsette. Net sa´n minne útfining. Dêr hawwe in soad minsken gebrûk fan makke en genot fan hân.

It wurk gie op en ôf mei de tijen. Trochgeans moarns ier fuort en krekt foar it tsjuster wer thús, want it barde ommers yn 'e wintermoannen. Mar as it op ‘e middei heech wetter wie, waarden wy twa kear deis ophelle en wer thúsbrocht. Dan wie it moarns en jûns mei it fuortgean en wer thúskommen neare nacht. Fan achter yn 'e see wie it ús faak te fier rinnen, om te kofjedrinken yn 'e keten, dy’t oan de lânskant yn in grutte rige by de dyk lâns stienen. Dan hongen wy mar wat tsjin in riisdaam oan, om ús waarm drinken en in brochje te behimmeljen.

Ik wie doe noch mar 27 jier en hie der net sa folle muoite mei, mar oaren wiene folle âlder, sa tusken de 50 en 60 jier, dy foel it swier, al wine se wol wat wend. No is de iene folle flugger as de oare, mar der wie ien by, dy koe syn wurk wol dwaan, mar hy rûn as in ploege en dat gie hast om dea. It wie foar him in ferskrikking mei syn swier en grut postuer, as hy wer troch dat djippe slyk nei de dyk ta wraksele. Op syn lêste tocht út it slyk wei rekke hy muorrefêst en koe gjin kant mear út. Doe ha wy mei-inoar in lange rige manlju makke, mekoar goed by de hân fêst en sa him der wer útlutsen. Syn learzens binnen yn it slyk bleaun en hy is op sokken nei hûs rekke. Wy hawwe him dêr net wer sjoen, hy hie it wol bestjerre kind. Ik huverje noch, as ik dêr oan tink.

Elk waard der ek mar hinnestjoerd, oeral wei. Sa kaam der ek in kappersfeint út Dokkum, no, dy hie noch nea in bats beethân, lit stean, dat hy greppelje koe. Ien dei hat er folmakke, doe hong him it fel by de hannen del. Hy gûlde it út en wy hawwe him net wer sjoen. De ploechbaas wie razend. Sa fan: hoe kinne se my sokke jonges ek stjoere! Mei sân man stiene wy yn in greppel, dêrfan ien “putbaas”. It wie wol grave, dat weake slyk snijde as bûter, mar it gie wol de hiele dei troch. Durk Hiemstra en Piet van der Zee út 'e omkriten wei hiene it tafersjoch op alle ploegen en namen op, wat der sa deis dien waard. Safolle meter deis wie de taks. As wy dêr net oan ta kamen, krigen wy ek minder betelle, mar wat wy op 'e ein fan de wike tefolle beskrept hiene, waard net útbetelle. It kam dêr op del, ik hie yn in wike sa'n tientsje mear as yn ’e W.W. As wy in brede fuorge meitsje moasten fan twa meter om in fak hinne, waard dat útfierd troch “haakwurk”, d.w.s. de man yn ‘e fuorge skepte it slyk op ‘e bats fan de man op ‘e fuorchskant, dy’t it noch in ein fierder smiet. Dan moast men goed op mekoar ôfsteld wêze, oars waard it in soadsje.

It kjeldlijen en de hiele dei kâlde fuotten waard fansels net betelle en mei reinich waar sieten wy soms oeren yn ‘e keet. Dêr waard ferheftich smookt mei de doar ticht en aaikoalen yn ‘e kachel. Soms waard der in fyt úthelle, troch in plankje te lizzen op ‘e kachelspiip fan de keet dernjonken. Dan folge der de oare deis wer in wraakaksje, dêr koest fergif op ynnimme.
Der siet mar ien lyts rútsje yn sa’n keet, dat wy seagen mekoar mar krekt sitten. Mar, dan kamen de ferhalen los, sa fan: ik ha it ris hân ensafuorthinne. Hoe wier as alles wie, koest min neigean, mar wy as jongbazen harken mei sân pear earen, want of it wier wie of net, dat makke ús neat út, as it mar in sterk ferhaal wie. Oan de binnenkant fan ‘e seedyk spielden wy ús learzens ôf by in djippe sleat, want oars woe de sjauffeur ús net yn ‘e bus ha.

Yn ‘e bus sieten meast Marrumers en Blijers, dy’t mekoar omraak narje koenen, krekt as Hollanders en Belgen. Yn beide doarpen wiene in pear mannen, dy’t dêr útsûnderlik betûft yn wienen. Der is soms wat ôflake yn ‘e bus en sa fergeaten wy it kjeldlijen en de wurgens wer. Wat wy doe tochten, dat wy mei al ús wrotten yn ‘e see meiwurken oan it reemeitsjen fan fruchtber boulân, bliek jierren letter om ‘e nocht west te hawwen, no’t alles wer oan de see priis jûn wurdt.

Klibers minsken, hûnderten tagelyk hawwe ek yn fêst wurkferbân by de Ryks Domeinen der jierren omslein oant yn de santiger jierren ta. Mannichien syn libben is dêrtroch bekoarte minsklik sprutsen. Want tsjin it altyd klamme seeklimaat by ús keale kusten lâns wiene allinne de sterksten bestand.

Yn de winter dêrnei gie it wer krektsa, los folk waard mei bussen ophelle út ‘e klaaidoarpen, mar ek út ‘e Wâlden. Oan de rige keten te sjen by Wierum, like it wol of soe it hiele Waad ynpoldere wurde. De sin fan it greppeljen wie fansels, dat mei de opkommende tijen de ekers geandewei heger kamen te lizzen troch it oanslibjende slyk. Mei de ôfgeande tijen rûn it wetter dan wer troch de fuorgen nei see. Mar mei fûle springtijen koe it wêze, dat op in kweade dei alles wer sljochtwei wie, gjin fuorge mear te sjen! Dan mar wer fan foaren ôf greppelje. Wa soe dêr net fan “gestresst” reitsje? Mar dat heart no ienris by de natuer. De see jout, de see nimt!

Letter hawwe de graafmasines it hantwurk oernommen. Oant ek dêrfan it nut en de needsaak op ‘e achtergrûn rekke. It leger slykwurkers fan foarhinne koarte hurd yn. Dy't der noch oer binne wurdt amper mear nei harke. De fûgels, de fisken en it seekraal hawwe wer de oerhân, lykas ieuwen tebek. Lykwols, as ik sa weromsjoch nei de jierren yn it rûme fjild en yn it slyk, hat it faak swier bodzjen west yn kjeld en ûnlijich waar. Soms duorre it oan bêdtiid ta, foar’t ik wer trochhinne waarm wie. En dochs … sjoch ik noch wolris mei weemoed werom nei dy drege jierren. Net nei dat swiere wurk, mar nei al dy minsken, dêr’t ik mei wurke ha, minsken mei elk har eigen skiednis, soarch en wille, dêr't de measten al lang net mear fan libje. Lytse, warbere mantsjes, taai as hier, mar ek grutte sterke rûchhouwers, waans dwaan en litten, harren taalgebrûk en uterlik dêrneffens wiene.

Sa haw ik hjir besocht ek de sosjale kant fan it slykwurk yn de fyftiger jierren te beljochtsjen, want dêr wurdt faak net oer praat en de minsklike kant rekket sa yn it ferjitboekje. Mar ik wit der noch alles fan, want ik wie der sels by. Mooglik haw ik hjirmei in lytse bydrage levere oan “in blik op souder”.
 

Finish Elfstedentocht 1963 Gustaaf Witsen Elias (Leeuwarden, maart 2008)

"Zo bracht deze ijzige tocht toch nog blijvende warmte"

 

 

 

Het was die 18e januari koud en het woei hard, waardoor de tocht te boek staat als de zwaarste ooit. Het ijs op de Grote Wielen was echter nauwelijks bestand tegen de belangstelling. Het water onder het ijs was er ter plekke drie tot vier meter diep. Waarom het gemeentebestuur tegen elk advies in deze plek had bedacht zal wel een eeuwig raadsel blijven... Dick van Rijn de televisieverslaggever in die tijd hield even verderop een verhaal in zo’n bloemkoolmicrofoon zoals je die toen nog had: ‘We zijn in afwachting van de finish en zullen daar verslag van doen, als we tenminste niet voor die tijd verdrinken.’

Wij waren niet de enigen die de toestand van het ijs met bezorgdheid bekeken. Koningin Juliana en prinses Beatrix landden met een helikopter. De koningin keek erg bezorgd, verbijsterd mag ik wel zeggen toen ze de menigte en de chaos om zich heen zag: dranghekken op het ijs helpen weinig maar je kunt er wel op klimmen. Ik heb zelden iemand zo snel van het ijs zien voeren. Ze ging naar het paviljoen, waar korte tijd later de winnaar Reinier Paping, werd gehuldigd. Ik herinner me de baanveger die met z’n grote takkenbezem stond te zwaaien om ruimte te maken: ‘de winnaar komt eraan, de winnaar komt eraan!!’. Hiervan zijn mooie foto’s en filmbeelden van gemaakt.

Ik stond naast Ypke Landstra, opmaakredacteur van de Friese Koerier, (die krant ging in 1970 samen met de Leeuwarder Courant.) We hadden vaak woorden, want hij moest de krant opmaken (indelen van de pagina’s) en ik moest, werkzaam bij de drukkerij van de krant, het lood daarvoor leveren. Dat botste wel eens. Toen we tot onze enkels in het water stonden, zei hij: ‘Gustaaf, we fersûpe nou toch, sille we no mar frede slúte?’ En dat hebben we toen gedaan.


Zo bracht deze ijskoude tocht nog blijvende warmte...


Het filmarchief bestaat 20 jaar! Om dit te vieren ontwierp Sytske Veenstra deze tattoo, met Fries Film Archief Forever! Als plakplaatje kan jij em straks ook dragen.

Maar er is meer. Fotograaf Heleen Haijtema maakt op dit moment foto's van allerlei verschillende mensen met, jaaah met, de tattoo. Dit wordt ons campagnebeeld voor 20 jaar filmarchief: het archief van en voor iedereen. Binnenkort meer nieuws.